Wa binne wy
De Paulus Folkertsma Stichting, fêstige oan Weaze 30, 8495 HE Aldeboarn, is ferantwurdlik foar de ferwurking fan persoanlike gegevens lykas beskreaun yn dizze privacyferklearring.
Kontaktgegevens:
Paulus Folkertsma Stichting
Weaze 30
8495 HE Aldeboarn
tel +31582662633
J. Folkertsma is de Functionaris Gegevensbeskerming fan de Paulus Folkertsma Stichting. Hy is te berikken fia info@paulusfolkertsma.nl.
Persoansgegevens dy’t wy ferwurkje
De Paulus Folkertsma Stichting ferwurket jo persoanlike gegevens om’t jo gebrûk meitsje fan ús tsjinsten en/of om’t jo dizze gegevens sels oan ús leverje. Hjirûnder fine jo in oersjoch fan ‘e persoanlike gegevens dy’t wy ferwurkje:
– Foar- en efternamme
– Geslacht
– Adresgegevens
– Telefoannûmer
– E-mailadres
Bysûndere en/of gefoelige persoanlike gegevens dy’t wy ferwurkje
Us webside en/of tsjinst is net bedoeld om gegevens te sammeljen fan websidebesikers ûnder de 16 jier. Behalven as se tastimming hawwe fan har âlden of fersoarger. Wy kinne lykwols net kontrolearje oft in besiker âlder is as 16. Dêrom advisearje wy âlden om belutsen te wêzen by de online aktiviteiten fan har bern om te foarkommen dat gegevens oer bern sûnder âlderlike tastimming sammele wurde. As jo tinke dat wy sûnder dy tastimming persoanlike gegevens fan in minderjierrige sammele hawwe, nim dan kontakt mei ús op fia info@paulusfolkertsma.nl en wy sille dy gegevens wiskje.
Foar hokker doel en op hokker basis ferwurkje wy persoanlike gegevens?
De Paulus Folkertsma Stichting ferwurket jo persoanlike gegevens foar de folgjende doelen:
– It ôfhanneljen fan jo betelling
– It ferstjoeren fan ús nijsbrief en/of promoasjebrosjuere
– Om jo te kinnen skilje of e-maile as dit nedich is om ús tsjinsten te leverjen.
– It leverjen fan guod en tsjinsten oan jo.
Automatisearre beslútfoarming
De Paulus Folkertsma Stichting nimt gjin besluten op basis fan automatisearre ferwurking oangeande saken dy’t (signifikante) gefolgen hawwe kinne foar persoanen. Dit binne besluten dy’t nommen wurde troch kompjûterprogramma’s of systemen sûnder tuskenkomst fan in persoan (bygelyks in meiwurker fan ‘e Paulus Folkertsma Stichting).
Hoe lang wy persoanlike gegevens bewarje
De Paulus Folkertsma Stichting bewarret jo persoanlike gegevens net langer as strikt needsaaklik is foar de doelen wêrfoar jo gegevens sammele binne. Wy tapasse de folgjende bewaringsperioaden foar persoanlike gegevens:
Persoansgegevens fan donateurs: salang’t men in donateur is.
Persoansgegevens fan persoanen dy’t bestellingen pleatse/oankeapen dogge fia de webside/bankoerdracht: salang’t de wettelike bewaringsperioade foar administraasje (boekhâlding) jildt.
Diele persoanlike gegevens mei tredden
De Paulus Folkertsma Stichting leveret of ferkeapet jo gegevens net oan tredden. Wy hawwe in gegevensferwurkingsoerienkomst sletten mei bedriuwen dy’t jo gegevens namens ús ferwurkje om itselde nivo fan feiligens en fertroulikens fan jo gegevens te garandearjen. De Paulus Folkertsma Stichting bliuwt ferantwurdlik foar dizze ferwurkingsaktiviteiten.
Cookies of ferlykbere techniken dy’t wy brûke
De Paulus Folkertsma Stichting brûkt gjin cookies of ferlykbere techniken.
Gegevens besjen, oanpasse of wiskje
Jo hawwe it rjocht om jo persoanlike gegevens yn te sjen, te korrigearjen of te wiskjen. Derneist hawwe jo it rjocht om elke tastimming dy’t jo jûn hawwe foar gegevensferwurking yn te lûken of beswier te meitsjen tsjin de ferwurking fan jo persoanlike gegevens troch de Paulus Folkertsma Stichting, en jo hawwe it rjocht op gegevensportabiliteit. Dit betsjut dat jo ús freegje kinne om de persoanlike gegevens dy’t wy oer jo hawwe yn in kompjûterbestân nei jo of nei in oare troch jo neamde organisaasje te stjoeren. Jo kinne in fersyk stjoere foar tagong, korreksje, wiskjen of gegevensportabiliteit fan jo persoanlike gegevens, of foar it ynlûken fan jo tastimming of beswier tsjin de ferwurking fan jo persoanlike gegevens, nei info@paulusfolkertsma.nl. Om der wis fan te wêzen dat it fersyk om tagong troch jo dien is, freegje wy jo om in kopy fan jo identiteitsbewiis by te foegjen. Meitsje op dizze kopy jo paspoartfoto, de MRZ (masine-lêsbere sône, de strip mei nûmers ûnderoan it paspoart), jo paspoartnûmer en jo boargerservicenûmer (BSN) swart. Dit is om jo privacy te beskermjen. Wy sille sa gau mooglik, mar úterlik binnen fjouwer wiken, op jo fersyk reagearje. De Paulus Folkertsma Stichting wol jo der ek op wize dat jo de mooglikheid hawwe om in klacht yn te tsjinjen by de nasjonale tafersjochhâlder, de Nederlânske Autoriteit Beskerming Persoonsgegevens. Jo kinne dit dwaan fia de folgjende link: https://autoriteitpersoonsgegevens.nl/nl/contact-met-de-autoriteit-persoonsgegevens/tip-ons.
Hoe’t wy persoanlike gegevens beskermje
De Paulus Folkertsma Stichting nimt de beskerming fan jo gegevens serieus en nimt passende maatregels om misbrûk, ferlies, unautorisearre tagong, net winske iepenbiering en unautorisearre wiziging te foarkommen.